Tys & Teske foarlês-speurtocht en boekferkeap

13.00 - 16.00 uur

Boterhoek 1

Free Entry

Yn it kader fan de ‘hubs’ fan Uit in Huis, fynst de Afûk dit jier by Tresoar! Fan 13.00 oant 16.00 oere binne de boeken fan de Afûk-winkel te keap by Tresoar. En omdat it yn septimber ék deLês-mar-foar-wiken binne, mei it alderearste Tys & Teske-foarlêsboekje, organisearje wy dêrby in leuke aktiviteit foar bern: de Tys & Teske foarlês-speurtocht! Dochst ek mei?

Sammelje alle letters yn Tresoar mei de Tys & Teske foarlês-speurtocht! Helje dyn kaartsje op by de Afûk yn Tresoar, sykje nei de foarlêzers en sjoch ek fierder goed om dy hinne... Hasto alle letters krigen fan de foarlêzers én ek alle oare letters fûn? Dan kinst mei dy letters in wurd meitsje. Leverje de kaart wer yn en krij in leuk kadootsje fan ús mei nei hûs!

Dizze aktiviteit wurdt trochrinnend oanbean, fan 14.00 oant 16.00 oere.

Alle bern meie meidwaan. (De rjochtline foar de boeken dy’t foarlêzen wurden, is 2-6 jier.)