Literatuur
Kinderen
Afûk
Boterhoek 1
12.00 - 17.00 uur
Gratis
Yn it kader fan de ‘hubs’ fan Uit in Huis, fynst de Afûk dit jier by Tresoar! De hiele middei, fan 12.00 oant 17:00 oere binne de boeken fan de Afûk-winkel te keap by Tresoar. En omdat it yn septimber ék de Lês-mar-foar-wiken binne, organisearje wy dêrby in leuke aktiviteit foar bern: in foarlês-speurtocht! Dochst ek mei?
Sammelje alle letters yn en om Tresoar hinne mei de foarlês-speurtocht! Helje dyn kaartsje op by de Afûk (yn Tresoar), sykje nei de foarlêzers en sjoch ek fierder goed om dy hinne... Hasto alle letters krigen fan de foarlêzers én ek alle oare letters fûn? Dan kinst mei dy letters in wurd meitsje. Leverje de kaart wer yn en krij in leuk kadootsje fan ús mei nei hûs!
Dizze aktiviteit wurdt trochrinnend oanbean, fan 14:00 oant 16:00 oere. Alle bern meie meidwaan. De rjochtline foar de boeken dy’t foarlêzen wurden, is 2-6 jier.
Bekijk meer activiteiten